Kennissintrum jeugdprostitúsje

08 feb 2004 - 00:00

Op fersyk fan Frouwenopfang Fryslân komt der in ekspertisesintrum foar jeugdprostitúsje yn Nederlân. Minister Donner fan Justysje hat dizze wike min of mear subsydzje tasein.

Yn it sintrum wurde alle kennis en sifers sammele oer prostitúsje. Dêrmei kinne plannen makke wurde om twongen prostitúsje by jonge froulju werom te bringen. Op dit stuit sitte sa'n 1500 famkes yn de prostitúsje. It is noch net bekend wêr't it sintrum komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)