Wieteke Cramer wint brûns op WK

08 feb 2004 - 00:00

Wieteke Cramer hat brûns helle op it WK Allround reedriden yn Hamar. Renate Groenewold is wrâldkampioene wurden. Anni Friesinger wie ek yn de race foar de wrâldtitel, mar dy gong fanwege problemen mei de luchtwegen út de wedstriid. Claudia Pechstein wûn sulver.

De lêste Nederlânske wrâldkampioene wie Atje Keulen-Deelstra, 30 jier lyn op It Hearrenfean. Gretha Smit wûn snein de 5 km yn 7.02,89. Cramer waard fjirde op dy ôfstân yn in tiid fan 7.12,30.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)