Jild foar ûnderwiis oan âlderein

07 feb 2004 - 00:00

De gemeente Snits is ree om in bydrage fan 20.000 euro te jaan foar heger ûnderwiis oan âlderen. Ut in peiling docht bliken dat dêr belangstelling foar is. Yntusken hawwe har 45 dielnimmers ynskreaun foar trije programma's.

Foar alve 'lunchpauze-kolleezjes' ha har 111 minsken opjûn. It heger ûnderwiis yn Snits is in inisjatyf fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)