Lêste dei V&D Hearrenfean

© Omrop Fryslân
V&D op It Hearrenfean wie sneon foar de lêste kear iepen. It Vendex-konsern slút lanlik 12 lytsere V&D-festigings, lykas op It Hearrenfean en yn Snits. Dy filialen smite te min jild op. De measte fan de 50 meiwurkers ha noch gjin oar wurk fûn.
Guon klanten ha it smoar yn dat de winkel slút. It wie de lêste wiken noch smoardrok yn de saak, mar dat hie ek te krijen mei koartingen fan 80 oant 90 persint.