Goeie start Cramer op WK Hamar

07 feb 2004 - 00:00

Wieteke Cramer is de WK Allround yn Hamar goed begûn. Lykas by de EK yn Thialf waard se tredde op de 500 meter. Cramer ried 39'40", in persoanlik rekord. Jennifer Rodriquez en Anni Friesinger waarden earste en twadde.

Cramer is tefreden mei har prestaasje, al is de achterstân op Friesinger wol wat grutter as by de EK. Barbara de Loor waard 7de yn 40'03", Renate Groenewold 9de yn 40'26" en Gretha Smit 24ste yn 42'18".

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)