Aksje foar Frisia-rail nei Leer

07 feb 2004 - 00:00

Der moat in bettere treinferbining komme tusken Fryslân en it noarden fan Dútslân. Dat is de ynset fan in aksjegroep mei de namme 'Frisia-rail'. Om it inisjatyf krêft by te setten gie sneontemoarn in groep fan 15 minsken út Fryslân wei mei de trein nei Leer yn Ostfriesland yn Dútslân.

Underweis die bliken dat de ferbining net goed is. De Friezen moasten mei de bus, omdat de spoarbrêge oer de Eems der út lei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)