Swimbadbestjoer stapt op

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan 'e stifting swimbaden Eaststellingwerf hat freed syn ûntslach oanbean oan it gemeentebestjoer. De stifting beheart trije swimbaden en in sporthal en komt alle jierren 80.000 euro tekoart. Der is al in skoft oantrune op stipe fan 'e gemeente yn 'e foarm fan ekstra subsydzjes.
No't dat jild der hieltiid net komt hat it bestjoer syn konklúzjes lutsen en is opstapt. It beslút hat foarearst gjin gefolgen foar personiel en swimmers.