Grutte stroomsteuring by Warkum

© Omrop Fryslân
Fiif tûzen húshâldings yn 'e omkriten fan Warkum ha freedtejûn oardel oere sûnder stroom sitten. De steuring begûn freedtejûn even nei seizen en duorre oant acht oere ta.
Omdat de spoarwei-oergongen it ek net diene waard it treinferkear stillein. Der waarden bussen ynset. Stroombedriuw NUON is noch oan de gong mei it ûndersyk nei de krekte oarsaak fan 'e steuring. NUON krige freedtejûn in soad klachten út 'e súdwesthoeke.