Sloop swimbad Kealledykje begûn

© Omrop Fryslân
Freedtemiddei is lang om let úteinset mei de sloop fan it Ljouwerter swimbad it Kealledykje. In kraan drukte de muorren fan it 28 jier âlde bad yn. It gebou foldie al in skoft net mear oan de feilichheidseasken. Seis jier lyn kamen foar it earst betonnen dakplaten nei ûnderen.
Der is mear as tsien jier oer de sluting praat. Nei protesten hat de gemeente besletten dat op itselde plak in nij bad komt foar 8 miljoen euro.