Buert: Sloop 100 huzen te mâl

06 feb 2004 - 00:00

De sloopplannen yn de Professoarebuert yn Frjentsjer wurde oanpast oan 'e winsken fan de buert. De wyk hat him yn in enkête útsprutsen tsjin de sloop fan hûndert wenten en de oanlis fan in wettersingel. Ien op de tsien respondinten is deroptsjin.

De projektgroep dy't de sloop útfiert, sil no besjen oft it tal wenten ek nei ûnderen ta kin. Ein ferline jier wie de buert sa lilk dat der aksjefierd wurde soe. No prate se wer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)