Provinsje: 'wolwêzen bondelje'

© Omrop Fryslân
De provinsje wol de stipe oan âlderein, jongerein en frijwilligers ferbetterje. Tefolle ynstellings sette harren yn foar dy groepen. In nij sosjaal ynvestearringsfûns mei 2,2 miljoen euro moatte de projekten bondelje.
Yn guon doarpen bestean no bygelyks al ynstellings dy't putsje dogge foar alderen. Dy kinne neffens deputearre Ploeg jild krije út it fûns. Der komt ek in sosjale atlas mei foarsjennings yn doarpen en stêden.