Cramer fynt iis Hamar 'te hurd'

06 feb 2004 - 00:00

Wieteke Cramer fan 'e Lemmer is net hielendal tefreden oer de iiskwaliteit yn it Noarske Hamar, dêr't dit wykein it WK Allround ferriden wurdt. It iis is wat te hurd en dêrtroch noch wol wat traach. Wieteke is de iennichste Fryske dielnimmer oan it WK.

Sneon wurde de 500 meter en 3 kilometer riden yn Hamar, snein de 1500 meter en de 5 kilometer. Op it EK-reedriden yn Thialf fan 'e ôfrûne moanne waard de Lemster fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)