2000 man by protest asylbelied

© Omrop Fryslân
Sa'n twatûzen minsken ha tongersdei yn Ljouwert de manifestaasje tsjin it asylbelied fan minister Verdonk bywenne. It protest wie yn en by de Grutte Tsjerke en wie organisearre troch tsjerken en oare organisaasjes. Omdat der mar 600 minsken yn 'e tsjerke kinne, stiene de measte minsken bûten.
Op de manifestaasje waard pleite foar in rommer pardon, sadat mear flechtlingen yn Nederlân bliuwe meie. Verdonk wol 26.000 minsken útsette.