Demonstraasje Snitser learlingen

05 feb 2004 - 00:00

Sa'n 500 learlingen fan it Bogerman College en it RSG yn Snits ha demonstrearre tsjin it útsetbelied fan minister Verdonk fan Frjemdlingesaken. Se diene dat tongersdeitemiddei by it gemeentehûs fan Snits.

Verdonk driget 24.000 asylsikers út te setten. Om har wurden krêft by te setten, ha de learlingen 2200 hantekens oerlange oan wethâlder Ekhart. Dy hat se trochjûn oan Flechtlingewurk, dy't derfoar soarget dat se by Verdonk komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)