Nammen ôftwinge fia rjochter

© Omrop Fryslân
Grasbaal BV, behearder fan de webside onsfrieschepaard.nl is noch hieltyd net fan doel om gegevens fan besikers fan de site oan it bestjoer fan it Frysk Hynstestamboek te jaan. De wet op de privacy soe soks net tastean.
It bestjoer hat tongersdei by de rjochter frege om gegevens fan minksen iepenbier te meitsjen dy't anonyn beledigings uterje op it foarum fan onsfrieschepaard.nl. De rjochter docht oer in pear wike útspraak.