Jild foar twa miljeuprojekten

© Omrop Fryslân
Twa projekten dy't miljeufreonlike enerzjy produsearje út dong en biste- fretten krije 240.000 euro subsydzje fan de provinsje. Dat jild is nedich om in noch grutter subsydzjebedrach los te krijen by de Europeeske Uny yn it ramt fan ynternasjonale projekten.
De beide projekten, yn Boksum (Nij Bosma Zathe) en Makkingea, dogge mei it jild ûndersyk nei it brûken fan ferskate oare organsyke stoffen foar enerzjyopwekking op buorkerijen.