Krityk op ôfwêzige deputearre

05 feb 2004 - 00:00

De opposysjepartijen yn de Provinsjale Steaten steurden har woansdei oan de ôfwêzigens fan deputearre Ploeg. Der waard praat oer ûnderwerpen út de portefeuille fan Ploeg, lykas it asylbelied, de stedsregio Ljouwert en de Westergosône. Ploeg sit foar saken yn Mexico en Bertus Mulder ferfong him.

Benammen de ChristenUnie en de SP spuiden krityk op Ploeg. It wie nammentlik net de earste kear dat er it ôfwitte liet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)