Nominaasje foar Foppe de Haan

05 feb 2004 - 00:00

Trener Foppe de Haan fan sc Hearrenfean is nominearre foar de ferkiezing: Trainer van de gouden voetbaljaren. Oare fuotbalgrutheden dy't foardroegen binne foar de útferkiezing binne ûnder oaren Rinus Michels, Louis van Gaal en Johan Cruijff.

De foardracht is opmakke troch ferskillende organisaasjes lykas de KNVB en Studio Sport. Fuotbal- leafhawwers kinne in stim útbringe fia www.goudenvoetbaljaren.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)