Op 'e nij ramkreak yn Westerein

© Omrop Fryslân
Foar de fjirde kear is fotospesjaalsaak Jaap de Boer op De Westerein slachtoffer wurden fan in ramkreak. Unbekenden ramden tiisdeitenacht de pui fan de ûndernimmer, mar troch de goeie foarsoarchsmaatregels slagge it de dieven net in soad te stellen. Binnen no time sloegen dy wer op 'e flecht.
De skea oan de winkel en de minsklike skrik bliuwt lykwols. De bedriuwen op De Westerein en omkriten ha al in skoft lêst fan ynbraken en ramkreaken.