Lancee net boargemaster op Skier

04 feb 2004 - 00:00

Ald-plysjeman Rene Lancee wurdt gjin boargemaster fan Skiermûntseach. De eardere plysjesjef, dy't beskuldige waard fan ynsest mei syn dochter, hie mei 45 oaren sollisitearre nei de funksje fan earste boarger op it Waadeilân. Hy krige woansdei ôfberjocht.

Lancee ferhuze nei Spanje nei de affêre om't er yn diskredyt brocht waard. As er boargemaster wurden wie, hie Lancee werom kaam nei Skiermûntseach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)