Nijpels rint slachtemaraton

04 feb 2004 - 00:00

Kommissaris Nijpels sil meirinne yn de Slachtemaraton. Hy docht dat op fersyk fan trije steateleden dy't fine dat der safolle mooglik politisy meirinne moatte. Sy besochten woansdeitemiddei yn de gearkomste mear steateleden oer te heljen om mei te dwaan.

De Slachtemaraton wurdt dit jier ferrûn op 12 juny. Kommissaris Nijpels jout dy dei ek it startskot. Fjouwer jier ferlyn waard de Slachtemaraton foar it earst holden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)