Aksje foar needopfang Dokkum

04 feb 2004 - 00:00

De needopfang foar dakleaze asylsikers yn Dokkum hat jild nedich. Der wurde no santjin minsken opfongen. De gemeente Dongeradiel stelt der 40.000 euro foar beskikber.

Foar nije flechtlingen dy't by de needopfang oanklopje, is gjin jild mear. Per persoan is goed 3.000 euro nedich foar húsfesting. De opfang is in jildynsammelaksje begûn. Hûs oan hûs is in folder ferspraat en alle tsjerken yn de gemeente binne oanskreaun.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)