Anty-fandalismeprojekt Cambuur

© Omrop Fryslân
De hast 800.000 euro dy't Cambuur yn 2000 liende fan de gemeente hoecht de klub net werom te beteljen. De fuotbalklub krige it jild om in fallissemint te kearen. Europeeske regels steane sokke stipe net ta.
Yn stee fan werombetelje docht Cambuur wat werom foar de mienskip. Der komt in anty-fandalismeprojekt foar de jeugd yn Ljouwert. Bewenners fan it Cambuurplein hienen leaver sjoen dat se it túch by it stadion oprêden.