Reuny Alvestêdetocht 1954

03 feb 2004 - 00:00

Op 3 febrewaris 1954 wie der in Alvestêdetocht. Om't dat fyftich jier lyn is, wie der tiisdei in reuny yn it reedridersmuseum yn Hylpen.

Riders fan doe, no goed santich of tachtich jier, moeten elkoar en fertelden anekdoates fan in heale ieu lyn. De winner fan doe, Jeen van den Berg, wie ek oanwêzich. Ek de nûmer trije Jan Charisius wie der no wer by. Hoewol't it lang lyn is, wisten de measten noch in soad te fertellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)