Foksejacht: ferbiede of net?

03 feb 2004 - 00:00

De Faunabeskerming en Dierebeskerming wolle in ein oan de foksejacht. De klubs easken dat tiisdei fan de provinsje by de bestjoersrochter. As Fryslân syn fûgelstân beskerme wol, moat de lânbou bestriden wurde en net de foks. Sa sizze de bistebeskermers.

De provinsje fynt dat der tefolle noed is foar de foks. Yn Nederlân mei net jage wurde op foksen, útsein Fryslân. De provinsje krige in ûntheffing om greidefûgels te beskermjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)