Gearwurking jeugdfuotbal

03 feb 2004 - 00:00

De jeugdôfdielingen fan de Harkemase Boys en Harkema-Opeinde sille gearwurkje. Doel is om it tal spilers foar de fuotbalteams op peil te hâlden. It fuotbal hat hieltyd mear konkurrinsje fan oare sporten. It wurdt dreech om yn de ferskate ôfdielings teams fan beide klubs spylje te litten.

De haadbestjoeren binne posityf oer de gearwurking, mar de algemiene ledegearkomste fan beide klubs moatte noch tastimming jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)