LTO tinkt oer ophokplicht

03 feb 2004 - 00:00

Lânbou-organisaasje LTO tinkt oer in ophokplicht foar plomfeehâlders. Dat betsjut dat de bisten binnen bliuwe moatte. De regel is bedoeld om de fûgelgryp, dy't yn Azië hearsket, foar te kommen. It firus soe troch fûgeltrek ek yn Europa ferspraat wurde kinne.

It beslút foar de ophokplicht moat yn Brussel nommen wurde om't dat foar alle lannen jilde moat. In wurdfierder fan de Europeeske Kommisje tinkt net dat der gau in ophokplicht komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)