Utslaande brân yn Twizel

03 feb 2004 - 00:00

By tapytsaak Terpstra yn Twizel is tiisdeitemoarn in útslaande brân útbrutsen nei twa eksploazjes. De plysje tinkt dat de brân oanstutsen is en hat in man meinommen foar ferhoar.

De brânwacht wie manmachtich útrukt. It wenhûs, dat tsjin de winkel oanleit, is folslein útbaarnd. De winkel hat swiere reek- en wetterskea. Der binne gjin persoanlike ûngelokken. Ferkear nei Bûtenpost waard omlaat. De dyk wie de hiele middei noch ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)