Hynder dea by botsing mei auto

03 feb 2004 - 00:00

In hynder is moandeitejûn by Nyegea dearekke. It bist kaam yn in frontale botsing mei in auto. De Fryske stjermerje wie útnaaid út in trailer wei en draafde oer de Hearrewei yn 'e rjochting fan Burgum.

Nei 400 meter koe in 23-jierrige automobilist út Feanwâlden it dier net mear ûntwike. It hynder wie op slach dea. De merje is eigendom fan in ynwenner (68) fan Gytsjerk. De auto wie folslein fernield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)