Jong Hearrenfean - Willem II 1-0

03 feb 2004 - 00:00

De beloftes fan SC Hearrenfean hellen moandeitejûn in benaude oerwinning op Jong Willem II. Troch in goal fan Manu Dagher yn 'e earste helte wûnen de Friezen mei 1-0. Jos Hooiveld moast nei tweintich minuten fan it fjild.

Jong Hearrenfean wie wat ferswakke troch it fuortgean fan Fledderus nei Telstar en it útfallen fan Hooiveld. Trainer Jan de Jonge die dêrom in berop op A-junior Patrick Hoep en B-junior Jeroen Dost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)