Gitarist Buizer 2e op konkours

© Omrop Fryslân
Op de noardlike finale fan it Prinses Christina Concours binne snein in tal Friezen yn 'e prizen fallen. Yn 'e kategoary oant en mei 19 jier waard gitarist Hugo Buizer fan Ljouwert twadde. Jelmer Tichelaar fan De Knipe waard tredde; hy spilet op 'e marimba.
Fierder wiene der oanmoedigingsprizen foar Hieke Dam fan Aldwâld en Froukje Weishaupt fan Dokkum. It Prinses Christina Councours wol klassike muzyk ûnder jongerein promoatsje.