Algra mingt him yn asyldiskusje

© Omrop Fryslân
It Fryske Keamerlid Algra stelt it asylbelied fan minister Verdonk ta diskusje. Hy docht dat op syn webside. Minsken kinne op in kollum reagearje, de reaksjes wurde meinommen yn it oerlis fan de CDA-fraksje.
Algra fynt dat er witte moat hoe't tocht wurdt oer it asylbelied. Dêr is in soad wjeraksel tsjin, ek ûnder politisy fan it CDA. De fraksje fan it CDA praat tiisdei oer har stânpunt.