Sven Kramer kampioen junioaren A

02 feb 2004 - 00:00

Sven Kramer fan Aldskoat is it ôfrûne wykein yn Alkmaar Nederlânsk kampioen reedriden by de junioaren A wurden. Kramer wûn trije fan 'e fjouwer ôfstannen (1500, 3000 en 5000 meter) mei oermacht. Allinne op de 500 meter wiene de oaren better.

It 17-jierrige talint mei no op 20, 21 en 22 febrewaris meidwaan oan de WK foar junioaren yn Roseville yn Amearika. Jacob van der Heide fan Aldeholtpea mei ek mei nei it WK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)