Guon diken ferswierd

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat op ferskate plakken diken ferswierd mei sânsekken. Dat barde by Burdaard, Ljouwert en Burgum. It wetterpeil is dêr hast 40 sintimeter heger as oars. It Wetterskip loast no ek minder op it boezemwetter.
De hurde wyn en de rein ha der foar soarge dat foaral yn it noardeasten fan de provinsje it wetter fier boppe it streefpeil stiet. It Woudagemaal hat sûnt moandei mear kapasiteit om wetter fuort te meallen.