Aris wint ek fan PSV

02 feb 2004 - 00:00

De basketballers fan Aris wisten sneon foar it earst út fan PSV te winnen en wol mei 53-65. By Aris makken de nijkommers Lament Randolph en Justin Tatum 18 en 14 punten. Dochs rûn it oanfallend net echt lekker by de Ljouwerters, dy't de blessearre Hans Logtenburg tige misten.

Troch de winst op PSV bliuwt Aris allinnich koprinner yn 'e promoasjedivyzje mei 32 punten út 17 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)