Bobslydsker Glas 17de yn Itaalje

© Omrop Fryslân
Bobslydsker Arend Glas is snein santjinde wurden by de sechde wrâldbekerwedstriid foar de fjouwermansbob yn it Italjaanske Cortina d'Ampezzo. Glas syn tiim yn Itaalje bestie út de passazjiers Gommans en Kortbeek en remmer Jansma.
Nei twa runs hie Glas in achterstân fan 1 sekonde en 70 hûndertste op Switserlân 1. Mei noch ien wedstriid te gean stiet Glas op it sechtjinde plak fan it wrâldbekerklassemint.