Rellen by darttoernoai Hylpen

01 feb 2004 - 00:00

De heale finale fan it iepen darttoernoai snein yn Hylpen is stillein fanwege slaanderij. Twa manlju rekken mei inoar op de fûst. Dêrnei bemuoiden mear minsken har mei de rúzje. Tusken it publyk en de darters stiene ôfsetstekken, mar dy gongen troch de rellen om.

In famke rekke ferwûne om't se mei de holle tsjin in tafel oan sloech. Neffens de organisaasje komt der takom jier wol in ferfolch op it toernooi.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)