Judoka Klopstra leit derút

01 feb 2004 - 00:00

De Fryske judoka Nynke Klopstra hat op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai fan Sofia gjin kâns sjoen om in Olympyske nominaasje te heljen. Klopstra wûn yn de 52e klasse wol fan Sazuki út Brazilië.

Se ferlear lykwols har twadde wedstriid fan Prec út Slovenië. Om't Prec de folgjende wedstriid ferlear, lei Klopstra derút. Se krige gjin nije kâns mear om brûns te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)