Woudagemaal snein opstart

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat snein it Woudagemaal by Teakesyl opstart. Neffens wurdfierder Gerben de Jong fan it wetterskip is der folle mear rein fallen as ferwachte.
Opstarten fan it gemaal wie nedich om't de Lauwersmar fol is. Ek wie it de lêste dagen dreech om it wetter út de boezem ôf te fieren. Besikers binne fan moandei ôf wolkom by it Woudagemaal. It Hooglandgemaal by Starum wie earder al operasjoneel.