Kapsalon Thérèse yn kontener

© Omrop Fryslân
De kapsters fan Kapsalon Thérèse yn Snits knippe, nei fjouwer dagen net wurke te hawwen, op it stuit yn in needlokaal. De grutte brân fan ôfrûne tiisdei soarge foar in miljoeneskea oan alve histoaryske gebouwen. De kapsalon wie dêr ien fan.
It sil noch in jier duorje foardat it ôfbaarnde gebou wer opknapt is. De dakleaze man dy't fertocht wurdt fan it oanstekken fan de brân bliuwt foarearst noch tsien dagen langer yn de sel.