Brecht Kramer 1e by C-junioaren

© Omrop Fryslân
Reedrydster Brecht Kramer fan Aldskoat is freed Nederlânsk kampioene by de C- junioaren wurden. Op it kampioenskip yn Alkmaar waard de dochter fan Yep Kramer twadde op de 500 meter yn 43,88. Op de 1000 meter wie se earste yn 1.28,22.
Margot van Oosten fan Sint Michielsgestel waard twadde. Op it tredde plak einige Marrit Leenstra fan Wikel. By de jonges yn deselde klasse gong de titel nei Renz Rotteveel fan Oude Wetering.