Nije klok foar Dr. Kompenije

© Omrop Fryslân
In histoaryske dei wie it sneon foar Drachtster Kompenije. Nei sa'n tweintich jier krige it doarp sneon opnij in klok yn de klokkestoel fan it begraafplak. Dêrmei waard in âlde tradysje yn eare wersteld.
De âlde klok fan de klokkestoel rekke eartiids út byld doe't de Nederlânsk-Herfoarme tsjerke ôfbaarnde. Guon doarpsbewenners hiene de lêste tiid krewearre om de klok werom te krijen.