Popakademy offisjeel iepene

© Omrop Fryslân
Al rappend iepenen Ed Nijpels en steatssekretaris Nijs fan Kultuer freedtemiddei offisjeel de Popakademy yn Ljouwert. De skoalle jout plak oan 50 studinten. Dy sille yn it Fryslânhûs in oplieding folgje om yn de popyndustry te wurkjen.
Se kinne letter muzikant wurde, mar ek de managementkant opgean. Ljouwert is it earste plak yn Nederlân dêr't in Popakademy stiet. Yn Tilburch is noch in rockakademy foar muzikanten.