Mear oanjeften fan mishanneling

© Omrop Fryslân
It tal froulju dat oanjefte docht fan mishanneling thús, nimt noch hieltyd ta. Dat waard freedtemiddei sein yn Frjentsjer by de start fan it projekt 'Eerste hulp bij huiselijk geweld' yn Noardwest-Fryslân.
It projekt rint al yn de rest fan Fryslân. De oanpak hâldt yn dat de plysje hurder optreedt tsjin manlju dy't har partners mishannelje. Ek wurde der gauwer helpferlieners ynskeakele foar slachtoffers en dieders.