Wetterskieding by Snits?

30 jan 2004 - 00:00

Snits soe wol ris it earste plak yn Nederlân wurde kinne mei wetterpartijen yn stee fan skermen om it lûd fan in autodyk te kearen. Snits wol de wetterskieding oanlizze tusken de A7 en nije wenten dy't njonken dy dyk komme.

Tongersdei prate de gemeenterie oer dy plannen. Riedslid Sytske Kooij fan it CDA is posityf oer de plannen. Har fraksje fynt wol dat der sjoen wurde moat nei in bettere oansluting fan de wenwiken op de autodyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)