Weidenaar oer 3 wike nei Dokkum

30 jan 2004 - 00:00

Weidenaar's fleisbedriuw fan Nijewier sil oer trije wike definityf ferhúzje nei Dokkum. Eins soe it bedriuw ôfrûne wykein al oer. Nei kontrôle fan de Keuringsdienst van Waren gie dat lykwols net troch.

Problemen wiene der mei in brânlûk en in ljochtkoepel. Freed hat der opnij kontrôle west. De Weidenaars sille oare wike de saken oanpasse. Dan is it wachtsjen op definitive goedkeuring en dêrnei kin it bedriuw oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)