Smokers hamsterje massaal

© Omrop Fryslân
Smokers binne massaal sigaretten oan it hamsterjen. Fan snein ôf wurde de pakjes sigaretten en shag 80 sint djoerder. Mei sloffen tagelyk fleant it smokersguod oer de toanbank.
De smokers binne fansels net bliid mei de priisferheging, mar der is hast net ien dy't oan ophâlden tinkt. Sigaretteferkeapers ha in flinke foarrie ynslein om de fraach oan te kinnen.