Twadde edysje Dokkum Open Air

30 jan 2004 - 00:00

It Dokkum Open Air festival krijt in ferfolch. Twa jier ferlyn waard it metalfestival by it doarp Boarnwert foar it earst hâlden. No hat de gemeente Dongeradiel dochs subsydzje takend. Fierders hat 'grutte broer' Wâldrock it prizejild fan de Fryske Poppriis (680 euro) beskikber steld.

Dokkum Open Air wurdt hâlden op 14 augustus. It radioprogram Popskuor jout freedtejûn hjir mear omtinken oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)