Hope foar kweekskoalle Dokkum

30 jan 2004 - 00:00

De eardere Kweekskoalle yn Dokkum wurdt mooglik dochs net sloopt. De gemeenteried fan Dongeradiel wol ûndersykje hokker wearde it gebou krekt hat. De Kweekskoalle oan 'e Hantumerwei is it lêste gebou yn Dokkum yn 'e styl fan 'e Amsterdamse School.

In riedskommisje wie al akkoart gien mei de sloop. Dongeradiel wol op it plak fan de Kweekskoalle in nij gebou delsette foar basisskoalle Eben Haëzer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)