NHL biedt oplieding oan yn Grins

© Omrop Fryslân
De Noardelike Hegeskoalle Ljouwert set nei de simmer yn Grins mei in oplieding foar learaar ferpleechkunde út ein. Op dit stuit wurdt dizze stúdzje inkeld yn Ljouwert oanbean. Om't nochal wat studinten út Grinslân en Drinte komme, is besletten in opliedingsplak yn Grins te iepenjen.
De lessen binne yn it opliedingssintrum fan it Akademysk Sikehûs Grins (AZG). Dêr kin gebrûk makke wurde fan alle fasiliteiten.